De ferwûndering noch net foarby

10 April 2017

Ferline wike seach ik by Wurdum in reager mei in fjildmûs tusken de snavel, hjoed seach ik in bytsje fierder in grutte karper út it wetter springen. Prachtige plons. Machtich gesicht.
Noch altyd gjin skries fernaam wêr’t ik him ferwachtsje. Wol in moaie swan op it nêst. Heit is meastentiids sa’n 30-40 meter fierderop mar sliepte hjied tichteby it nêst.