Koartwei


Gearstalling: Ernst Bruinsma en Baukje Wytsma. Yn Koartwei is in ferskaat fan âld en nij proaza te finen fan de lêste 20 jier fan de tweintichste ieu. In grut part fan de ferhalen is spesjaal foar dizze útjefte skreaun. Der binne ek ferhalen opnommen dy’t earder publisearre waarden yn Fryske tydskriften of goed wiene foar de Rely Jorritsmapriis. Yn dat gefal is de namme fan de auteur mei in stjerke markeard.